Durk V
Appearance
(Trochferwiisd fan Diederik V fan Hollân)
Durk V (sa. 1054 - 17 july 1091) wie in Fryske greve fan it lettere greefskip Hollân.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy folge syn heit Floaris I yn 1061 op as greve fan Hollân. Hy wie doe noch minderjierrich en syn mem Geertruida fan Saksen wie regintesse oant Durk âld genôch wie om sels de greeflike taken op him te nimmen.
Durk oermastere it lân werom dat de biskop fan Prinsdom Utert, it stik lân wie yn 1065 ôfstien. Durk V wist de Súd-Hollânske en Siuwske eilannen fan Flaanderen te oermasterjen. Hy krige om 1085 hinne in soan, Floaris II en ferstoar yn 1091. Hy is te hôf brocht yn de abdij fan Egmond.