Springe nei ynhâld

Diamantdo

Ut Wikipedy
diamantdo
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift do-eftigen (Columbiformes)
famylje dofûgels of dowen (Columbidae)
skaai Geopelia
soarte
Geopelia cuneata
Latham, 1801
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     fersprieding diamantdo

De diamantdo (Geopelia cuneata) is in endemyske dofûgel fan Austraalje. De soarte is by ús tige bekend as foliêrefûgel. Diamantdokes hearre ta de lytste dokes fan 'e likernôch 300 dowesoarten.

Briedend diamantdoke.

De diamantdo is in griis-blau doke fan 20 sm lang mei in gewicht fan 35 gram. De wjukken hawwe in hiel soad ljochte flekjes; dêrfandinne ek de namme diamantdo. It kopke en it bealchje binne ljochtgriis en de sturt is dêr foaroer wat donkerder. Om it reade eachje hat de fûgel in rôze ring. It mantsje en it wyfke hawwe hast gjin ûnderskied. It ferskil is allinne by de balts te sjen as it mantsje de sturt útspraat en it wyfke net. De eachring fan it mantsje is boppedat wat donkerder en dikker as dy fan it wyfke.

By de balts bûget it mantsje ferskillende kearen foar it wyfke en hy hâldt syn sturt leadrjocht en útspraat omheech. It nêst bestiet trochstrings út twa aaikes, dy't yn 13 dagen troch it pearke útbret wurde. Nei trije of fjouwer moanne binne jonge fûgels geslachtsryp en kinne se foar neiteam soargje; dat is foar dowen tige ier.

De diamantdo hat in grutte fersprieding yn it binnenlân fan hiel Austraalje. De do ûntbrekt yn 'e kustkriten fan it easten en it suden fan Austraalje. Diamantdokes binne yntrodusearre yn Porto Riko en libbet dêr ek yn it wyld.

Diamantdokes libje by wetter yn fierder drûge gebieten lykas gerslân, strewellelân, beammen oan kanalen en heuvelich gebiet mei strewellen.

De fûgels hawwe in grut ferspriedingsgebiet en de kâns op útstjerren is dêrom lyts. It is in algemiene fûgel, al is it net bekend hoefolle der fan binne. Op 'e Reade list fan 'e IUCN hat de fûgel de status fan net bedrige.

Diamantdoke yn finzenskip.

Diamantdokes binne populêre sierfûgels dy't maklik yn pearkes mei lytsere fûgelsoarten holden wurde kinne. As se allinne holden wurde, kinne se lestich wurde; dêrom is it better om se as pearke te hâlden. Meardere pearkes yn ien folière is ôf te rieden, om't mantsjes yn 'e briedtiid wol agressyf foar oare mantsjes oer wêze kinne. Diamantdokes ite sied, grienfoer, aaikes fan mychhimmels en út en troch larven. Der besteane by hobbyïsten ek mutaasjes yn 'e kleuren. Foarbylden binne de sulveren diamantdo of brune diamantdokes.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Nederlânsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: nl:diamantduif (ferzje 13 april 2024)