Dewy Ratih
Dewy Ratih, ek wol bekend as Sang Hyang Ratih of Sang Hyang Semara Ratih, is in hindoeïstyske moannegoadinne dy't oanbean wurdt op Baly en dielen fan Java. Se stiet bekend om har skientme en genede, en dêrom waard se ek wol de goadinne fan 'e skientme neamd. Har myte is keppele oan moannefertsjusterings.
Leginde
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't de demon Kala Rau drinke woe út 'e boarne fan 'e ivige jeugd, de tirtha amertha, waard hy trappearre troch de moannegoadinne Ratih. Om't dizze boarne allinich foar de goaden wie, gie Ratih nei Fisjnû ta om him te fertellen wat Kala Rau fan plan wie. Dêrop gong Fisjnû nei de put en seach Kala Rau it earste slokje út de put nimmen. Fisjnû smiet syn diskus nei Kala Rau, en ûnthalze him. Mar Fisjnû wist net dat Kala Rau de tirta amerta dronken hie, in drank fan goaden dy't him ûnstjerlik meitsje koe. Op dat stuit hie it wetter de kiel fan 'e demon al berikt, wêrtroch't de holle yn libben bleau. Poerrazend op Ratih om it ferrieden fan syn plan, swevet de holle fan Kala Rau har efternei en besiket har op te slokken. Sa no en dan slagget it him, wêrtroch’t Ratih koart yn 'e mûle fan 'e demon ferdwynt, mar der dan wer útkomme kin omt se har lichem net mear hat.
Op Baly en Java wurdt leaud dat dit ferhaal de oarsprong is fan moannefertsjusterings.
Seremoanje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Baly wurdt elke purnama, of folle moanne, in seremoanje hâlden om de skientme fan 'e moanne te fieren. Dizze seremoanje earet ek Chandra, in oare moannegod.
Houtfykwurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It toaniel fan Dewy Ratih en Kala Rau waard troch ferskate houtsnijers oer in lange perioade útsnien. Wichtige dielen fan de houtsnijwurken binne de útsniene dûnskroan en it kleed fan 'e moannegoadinne Dewy Ratih, en ek de holle fan Kala Rau. Der wurde faak twa ferskillende ferzjes fan dit ferhaal útbylde: De moannegoadinne Dewy Ratih, dy't opkomt út 'e mûle fan Kala Rau en de moannegoadinne mei de holle fan Kala Rau om har mul. [1]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|