Springe nei ynhâld

Devon Aoki

Ut Wikipedy
Devon Aoki

Devon Edwenna Aoki (New York City, 10 augustus 1982) is in Amerikaansk aktrise en model fan mingd Ingelsk-Dútsk-Japansk etnysk komôf.

Har heit Rocky Aoki is in eardere Olympysk wrakseler, har mem Pamela Hilburger in juwelier. Har heit waard nei syn sportkarriêre eigner fan de Benihana Steakhouse-keatling.

Doe't Aoki trettjin wie, waard se model. Hja makke yn 2003 har filmdebút.

Aoki wennet allinne yn Los Angeles en hâld har priveelibben meast stil. Sy hat niget oan dichtsjen, spilet drums en hat twa slangen as hûsdier. Yn 2006 begûn Aoki's heit, Hiroaki Aoki, in rjochtssaak tsjin fjouwer fan syn sân bern om't hy tocht dat sy de troch him stifte bedriuwen oer nimme woene. Devon, dy't neat te krijen hat mei it famyljebedriuw, wie dêr net by.[1] Har healbroer, Steve Aoki, is DJ yn Los Angeles en de oprjochter fan Dim Mak Records. Aoki hat trije susters —Ellie, Grace, en Echo— en trije broers —Kyle, Kevin, en Cole Price.

JierTitelRol
2003Death of a DynastyPicasso
2 Fast 2 FuriousSuki
2004D.E.B.S.Dominique
2005Sin CityMiho
2006Sean Lennon's Friendly Firein Seemearmin (Wachtsje op my)
DOA: Dead or AliveKasumi
2006ZoomDaravia
2007WarKira Yanagawa
2008Mutant ChroniclesValerie Duval
2009Rosencrantz and Guildenstern are UndeadAnna
2010Sin City 2Miho

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Devon Aoki interview and photo page