Springe nei ynhâld

Klinyske depresje

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Depresje (klinysk))
    Tink derom dat de Wikipedy gjin medyske konsultaasje jout!
Treurjende Aldman, in wurk fan Vincent van Gogh.

In klinyske depresje of koartwei depresje, ek wol depressiviteit neamd of unipolêre depresje (ta ûnderskie fan bipolêre depresje), is in stimmingssteuring dy't karakterisearre wurdt troch in ferlies oan libbensnocht of swiere ûnmoedichheid. Yn it deistich spraakgebrûk wurde dizze termen brûkt foar sterk útinoar rinnende gemoedstastannen, fan in koarte 'dip' oant slimme en bliuwende nearzigens. Net eltse depressive, sombere of fertrietlike stimming is lykwols in psychyske oandwaning. Psychologen, fersekeringsmaatskippijen en beliedsmakkers sprekke inkeld fan in klinyske depresje as oan in stikmannich kritearia foldien wurdt, sa't dy fêstlein binne yn diagnostyske en statistyske hânboeken, lykas de International Statistical Classification of Diseases and Related Health Problems (in útjefte fan 'e Wrâldsûnensorganisaasje) of it yn Nederlân en de Feriene Steaten hantearre Diagnostic and Statistical Manual of Mental Disorders.

Foar de diagnoaze fan klinyske depresje moat teminsten sprake wêze fan twa wiken fan oanhâldende ûnmoedichheid, dy't yn hast alle sitewaasjes oanwêzich bliuwt. Soks giet ornaris mank mei in minderweardichheidsgefoel, it ferlies fan belangstelling foar aktiviteiten dêr't de pasjint oars aardichheid oan belibbet, in algemiene furtleazens en/of de ûnderfining fan pine sûnder dúdlike oarsaak. Pasjinten kinne soms eachbegûchelings hawwe of dingen hearre dy't der net binne. Guon lju hawwe depressive riten dy't faninoar skaat wurde troch hiele jierren dat se normaal funksjonearje, wylst by oaren de symptomen frijwol altyd oanwêzich binne. Klinyske depresje kin by pasjinten in negative ynfloed hawwe op it sosjaal libben, it wurk (of it ûnderwiis), sliep, iten en sûnens yn it algemien. Likernôch 2 oant 8% fan 'e minsken dy't oan klinyske depressiviteit lije, begeane selsmoard, en likernôch 50% fan alle lju dy't selsmoard begeane, binne oanhelle mei de iene of oare stimmingssteuring.

Psychologen binne fan tinken dat klinyske depresje feroarsake wurdt troch in kombinaasje fan faktoaren, dy't genetysk, psychologysk en relatearre oan 'e fysike libbensomstannichheden binne. Risikofaktoaren binne in famyljeskiednis mei soksoarte oandwanings, grutte feroarings yn jins libben, beskate medisinen, groanyske sûnensswierrichheden en it nimmen fan drugs. Sa'n 40% fan it risiko liket taskreaun wurde te kinnen oan genetyske faktoaren. De diagnoaze fan klinyske depresje is basearre op it, needsaaklikerwize subjektive, ferslach fan 'e pasjint sels, oanfolle troch in psychologysk ûndersyk. Der bestiet gjin laboratoariumtest foar de oandwaning. Wol kinne tests útfierd wurde om lichaamlike oandwanings út te sluten dy't deselde symptomen feroarsaakje kinne.

De behanneling fan klinyske depresje bestiet yn 'e regel út psychoterapy en foarskriuwing fan anty-depressiva. Sokke medisinen lykje oer it algemien effektyf te wêzen, mar binne dat beslist net by alle pasjinten. It liket derop dat de pasjinten mei de slimste foarmen fan klinyske depresje it measte baat hawwe by it nimmen fan antydepressiva. Bywurkings kinne problematysk wêze en yn guon gefallen sels liede ta it oanboazjen fan 'e depresje, bygelyks by manlike pasjinten by wa't de medisinen ta ympotinsje liede. It is ûndúdlik oft anty-depressiva ynfloed hawwe op it risiko fan selsmoard.

De meast foarkommende soarten psychoterapy binne foar klinyske depresje ynterpersoanlike terapy en kognitive gedrachsterapy (CBT). As oare behannelingsmetoaden neat opsmite kin elektrokonvulsive terapy (ECT), yn 'e folksmûle elektroshockterapy neamd, tapast wurde. Opname yn in psychiatrysk sikehûs (of op 'e psychiatryske ôfdieling fan in gewoan sikehûs) kin nedich wêze as de pasjint in gefaar foar him- of harsels foarmet. Soks kin soms dien wurde tsjin 'e wil fan 'e pasjint sels.

Yn 2015 waard fêststeld dat likernôch 216 miljoen minsken, oftewol 3% fan 'e wrâldbefolking, oanhelle wie mei klinyske depresje. Yn Nederlân lei dat oantal yn 2016, neffens sifers fan it RIVM, op 550.000, wat ek delkomt op 3%. It persintaazje lju dat op in stuit yn harren libben mei de oandwaning oanhelle rekket, ferskilt nei lân, fan 7% yn Japan oant 21% yn Frankryk. Yn 'e ûntwikkele wrâld leit dit persintaazje heger (15%) as yn ûntwikkelingslannen (11%). Neffens it Sintraal Buro foar de Statistyk joech yn 2014 8% fan 'e Nederlânske befolking oan dat se ea oan klinyske depresje lit hiene. Klinyske depressiviteit begjint almeast al immen yn 'e tweintich of yn 'e tritich is. Froulju lije der twaris sa faak oan as manlju. Minsken dy't oanhelle binne mei klinyske depresje steane yn harren maatskippij faak bleat oan stigmatisearring.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.