Dekemahûs

Ut Wikipedy
It Dekemahûs yn 1750

It Dekemahûs yn Ljouwert stie oan de Grutte Tsjerkestrjitte 12. Fan it hûs is neat werom te finen. Op it plak stiet noch it yn 1846 troch Thomas Romein ûntwurpen skoalgebou.

De Frânske skoalle, de 'Kostskoalle foar jonge Juffrouwen' waard oarspronklik faaks boud yn de 15e iuw, it waard yn elts gefal yn 1480 op dat plak oanjûn. De earste te efterheljen eigeneresse fan it hûs wie sa goed as wis Jel fan Dekema, dy't ek Minnemahûs yn eigendom krige. Troch fererving kaam it yn 1609 yn hannen fan de famylje Fan Aebinga. Yn 1680 waard it hûs troch twa erfgenamten ferdield en yn twa wenningen opsplitst, dy't beide ferhierd waarden. Trije jier letter kamen se wer yn ien hân.
It kompleks soe dêrnei in tal jierren troch prinses Albertine Agnes hierd wêze, grif foar har personiel. It hûs blykt eigendom te wêzen fan Margaretha Rooda, widdo fan de ‘castelein van Sijne Hoogheit d’Heere Prince van Oranje en Nassau’ as hja yn 1723 it hoekpân oan de stege keapet en oan har wenning taheakket.

Yn de earste helte fan de 19e iuw binne de beide helten wer ôfsûnderlik yn gebrûk. It eastlik part, grif de djippe eastlike fleugel en it dwerse middenstik, waard bewenne troch de eigener. De beide djippe fleugels oan de westside ferhierde hy sûnt 1800 oan de Frânske kostskoallehâlder L.M.A. Waubert de Puiseau (1774-1848) dy't der syn ‘Kostschool voor Jonge Jufvrouwen’ hold. Yn 1807 waard dat diel fan it hûs troch de kostskoallehâlder oankocht. Ek dy eigendomssplitsing duorre mar koart, want in jier letter kocht hy ek de oare helte oan. Sûnt dy tiid hie it pân wer ien eigener en ien bestimming. Doe't de hear Waubert de Puiseau yn 1828 nei de provinsje Luik ôfsette waard de skoalle foar 7.000 gûne troch de gemeente oernomd, dy't it kompleks ferbouwe en útwreidzje liet. Skraachwurk 20 jier letter waard it gebou as ferâldere beskôge. Yn 1846 liet it gemeentebestjoer it gebou slope en in nij skoalgebou ferrize, ûntwurpen troch Thomas Romein.

Bewenners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1565 - 1583 Jel fan Dekema
  • 1583 - 1609 erfgenamten fan Jel fan Dekema
  • 1609 - fam. Fan Aebinga
  • 1680 - ‘twa erfgenamten’
  • 1723 - Margaretha Rooda
  • 1807 - 1828 L.M.A. Waubert de Puiseau
  • 1828 - no gemeente Ljouwert

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • "Geschiedkundige beschrijving van Leeuwarden" troch W. Eekhoff, 1846
  • "Adelshuizen in Leeuwarden" troch M.W. Meijer, 1980
  • Stinzen yn Fryslân