Springe nei ynhâld

Deiboek

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Deiboek (persoanlik))
In faksimilee fan it Deiboek fan Anne Frank, yn it Anne Frank Zentrum te Berlyn.

In deiboek is in autobiografysk geskrift dêr't de skriuwer yn gronologyske folchoarder foarfallen út syn libben en/of persoanlike oertinkings yn optekenet. In protte deiboekskriuwers notearje eltse dei wol wat, wylst oaren der hiele gatten yn falle litte. It ferskil mei in autobiografy of memoires is dat dy beide besibbe foarmen fan geskriften efterôf skreaun wurde, as men ornaris mear oersjoch oer de eardere sitewaasje krigen hat. Faak wurdt in deiboek as wat yntyms beskôge en sels fan in slot foarsjoen; it is dan nei alle gedachten net de bedoeling dat it ea in oar ûnder eagen komme sil, alteast net by it libben fan 'e skriuwer.

Deiboeken wurde soms nei it ferstjerren fan 'e skriuw(st)er útjûn, sa't bard is mei It Achterhûs, it deiboek fan 'e jonge Joadinne Anne Frank, dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch yn Bergen-Belsen fermoarde waard. Ek oare publisearre deiboeken, bgl. dy fan Holokaustslachtoffer Etty Hillesum en it Menamer famke Ak Wassenaar, behannelje faak sa'n selde yngripende histoaryske perioade. Ek komt it foar dat deiboeken brûkt wurde om in goed byld fan in (minder ûnlijige) histoaryske perioade te krijen, sa't it gefal is mei dy fan Samuel Pepys en James Woodforde.

In moderne foarm fan in deiboek is it blôch, dat in protte lju op it ynternet byhâlde; dat is dan krekt wol wer bedoeld om troch oaren lêzen te wurden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.