Dee (Wales)
De Dee, Welsk: Afon Dyfrdwy, is in 110 km lange rivier yn noard-Wales, dy't útmûnet yn de Ierske See.
De Dee ûntspringt yn it greefskip Gwynedd, yn it nasjonaalpark Eryri (Ingelsk: Snowdonia) en streamt dêrnei rillegau yn de Balamar. Dêrnei giet de rivier nei it noardeasten nei it doarp Corwen en dan nei it easten Llangollen by del. Yn de delte fan Llangollen streamt de Dee ûnder it Shropshire-Unionkanaal troch fia it troch Thomas Telford yn 1805 boude Pontcysyllte-akwadukt.
At de Dee it Welske berchlân ferlitten hat, rint er mei grutte bochten yn noardlike rjochting troch Cheshire op Chester oan; nei Chester is de rivier kanalisearre. De mûning fan de Dee is 19 km lang en 8 km breed en tige ûndjip, mei sânbanken en sompe. It grutste plak oan de mûning is Flint.
-
It Pontcysyllte-akwadukt mei it Llangollenkanaal; de Dee rint der ûndertroch
-
De Dee by 't winter yn Llangollen (febrewaris 2007)