Springe nei ynhâld

De krab mei de Gouden Skjirren

Ut Wikipedy
Frysk Túfke-album.

De krab mei de Gouden Skjirren (Frânskː Le Crabe aux pinces d'or) is in tekenteltsje oer Túfke, skreaun en tekene troch Hergé, útjûn in 1993 troch de AFUK. It wie it njoggende album dat er skreau oer Túfke, mar it is oant no ta (2024) it iennichste ferhaal oer Túfke yn it Frysk.


Fan it oarspronklike ferhaal wienen trije ferzjesː oarspronlik kaam it yn 1941 yn swart-wyt út. Dan kaam der yn 1943 in ynkleurde ferzje, en dêrfan yn 1963 in oanpaste ferzje, grif om lêzers yn de Feriene Steaten de beskermjen, bygelyks dêr't it de kleur fan negers oanbelange. Dy lêste is de ferzje dêr't de Fryske oersetting op basearre is.