Springe nei ynhâld

De Wippersmûne

Ut Wikipedy
De Wippersmûne
mûne / mole
lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Maasslús
adres Wipperskade 2
koördinaten 51°55' N 4°15' E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje poldermûne
flecht 19,25/19,45 m
boujier 1726
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 26629
Webside
www.westlandsemolens.nl
Kaart
De Wippersmûne (Súd-Hollân)
De Wippersmûne

De Wippersmûne is in poldermûne yn 'e Súd-Hollânske gemeente Maasslûs.

De mûne waard yn 1726 boud om de Slúspolder te bemeallen en ferfong in brekfallige wipmûne op itselde plak. It skeprêd stie njonken de mûne en nei alle gedachten is de mûne njonken it oarspronklike rêd fan syn foargonger boud.

Yn 1926 waarden it rêd en it binnenwurk ferwidere en ferfongen troch in diselmotor. Sûnt draait de mûne allinne noch foar de sjeu.

By in stoarm yn 1936 rekke de mûne in roede kwyt en ôfbraak drige, mar yn 1938 waard in komitee stifte om jild yn te sammeljen foar in restauraasje. De gemeente Maasslûs waard yn 1972 eigner en hat de mûne doe op 'e nij restaurearre.

De mûne waard yn 1990 ferkocht oan it wetterskip, dy't de mûne en it oanbuorjende mûndershûske út 1898 ûnderhâldt. De mûne en it mûndershûske binne ryksmonuminten.

De Wippersmûne is in rûne stiennen poldermûne. De wjukken hawwe in flecht fan 19,25 - 19,45 meter en binne Ald-Hollânsk ophekt. It ynterieur is net mear folslein oanwêzich.

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: