Springe nei ynhâld

De Vliezier

Ut Wikipedy
De Vliezier
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk
sjenre streekblêd
frekwinsje 1x wyks (>40x yn 't jier)
bestean 1999–2018
plak haadred. East-Flylân (Fryslân)
útjouwer Berend Hazenberg
oplaach 600
tal abonnees 300 op Flylân;
300 op 'e fêste wâl
ISSN 1572-2074
offisjele webside
www.vlieland-info.nl/vliezier

De Vliezier wie in streekblêd dat foarhinne wykliks ferskynde op it Fryske Waadeilân Flylân. It tydskrift waard foar it earst publisearre yn 1999, as de opfolger fan Het Baken. Dat lêste blêd wie oarspronklik úteinset as it klubkrantsje fan 'e pleatslike drumband, dat meitiid útwoeksen wie ta in doarpskrante. De Vliezier ferskynde ûnder redaksje fan en waard útjûn troch Berend Hazenberg. Dy dielde it wurk earst mei twa maten, mar de op in stuit kaam er der allinne foar te stean, hoewol't er foar in part stypje koe op syn frou.[1] Dy wurke net inkeld as korrektor, mar fertelde him ek wêr't er wol en wêr't er beslist nèt oer skriuwe koe.[2]

Yn 2011 ferskynde De Vliezier noch yn 46 kear yn 't jier en hie it krantsje in oplaach fan 800 stiks. Yn 2017 wiene der 600 abonnees, wêrfan 300 op Flylân en nochris 300 op it fêstelân. De oplaach bedroech doe noch 600 stiks. Neffens Hazenberg wie benammen fergrizing debet oan it weromrinnen fan it tal abonnees, mei't de jongerein almar minder belangstelling foar de printe media hat en it nijs opnimt fia de sosjale media.[1]

Yn it nûmer fan De Vliezier fan 26 desimber 2017 kundige Hazenberg oan dat er fan doel wie om mei it krantsje op te hâlden. Hy sei troch te gean oant it 750e nûmer, dat yn it foarjier fan 2018 ferskine soe. As der him dan net ien melden hie om it wurk oer te nimmen, soe it doek falle foar De Vliezier.[1] Op 29 maart 2018 waard bekend dat Hazenberg gjin opfolger fine kinnen hie. [3] Sadwaande ferskynde ein april de lêste edysje fan De Vliezier.[2][3] Hazenberg joech oan dat er miskien út en troch noch wolris in lyts nijsbrief yn 'e foarm fan in A4-ke yninoar set, mar de twingerij fan it wyklikse skriuwen is er bliid dat er kwyt is.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Meulen, Arend van der, Inspiratie is op, 'De Vliezier' stopt, yn: de Ljouwerter Krante, 27 desimber 2017..
  2. 2,0 2,1 2,2 Vlies, Marscha van der, De Dikke Huid van Hazenberg, yn: de Ljouwerter Krante, 18 maaie 2018, s. 27..
  3. 3,0 3,1 Definitief einde voor "De Vliezier", yn: de Ljouwerter Krante, 29 maart 2018, s. 37..