Springe nei ynhâld

De Veer (Haarlim)

Ut Wikipedy
De Veer
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
plak Haarlim
adresPenningsveer A35
koördinaten52°23' N 4°40' E
bysûnderheden
type mûnemuonts
funksjepoldermûne
flecht21,6 m
boujier2001
oare ynformaasje
eignergemeente Haarlim
monumintale statusryksmonumint
monumintnûmer19871
Webside
www.spaarnwoudepark.nl
FB-side De Veer
Kaart
De Veer (Haarlim)
De Veer

De Veer is in reiddutsen muonts yn it buorskip Penningsveer yn 'e gemeente Haarlim.

De mûne waard yn 1701 boud foar it bemeallen fan 'e Veerpolder. Yn 1874 krige de mûne in stalen fizel en yn 1938 elektryske oandriuwing. Op 'e iere moarn fan snein 3 maaie 1998 waard de mûne troch fandalen yn 'e brân stutsen. Op dat stuit wie de mûne net bewenne.

Al gau waarden der plannen makke om de mûne wer op te bouwen en yn 2001 waard dêrmei útein set. De mûne waard mealree oplevere.

De bûtenroede fan 'e mûne is Ald-Hollânsk, de binnenroede is mei it systeem Fauël útrist.

Eigner fan de mûne is it rekreaasjeskip Spaarnwoude. De mûne kin op snein tusken april en oktober besocht wurde.

Yn it buorskip stiet ek noch in lyts greidemûntsje, dy't de "Kleine Veer" neamd wurdt.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: