Springe nei ynhâld

De Valkenier

Ut Wikipedy
De Valkenier
  ferdivedaasjepark
De Valkenier (2013)
De Valkenier (2013)
lokaasje
lân Nederlân
Provinsje Limburch
Gemeente Falkenburch oan de Geul
plak Falkenburch
adres Prins Bernhardlaan
koördinaten 50° 52' NB, 5° 49' EL
bysûnderheden
type Attraksjepark
eigner famylje Otermans
iepen 1934
oerflak 10.000 m2
attraksjes 25
achtbanen 3
wetterattr. 3
skiednis
iepening 1934
sluting july 2021
gebou
boujier 1934
kaart
De Valkenier (Limburch)
De Valkenier
Lokaasje fan "De Valkenier".

De Valkenier wie in attraksjepark yn Falkenburch yn it Nederlânske Limburch. It park waard yn 1934 iepene en moast yn july 2021 de doarren definityf slute nei de oerstreaming fan de Geul.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It park waard yn 1934 stichte troch Jan Otermans. It park is altyd yn besit fan de famylje Otermans bleaun. Yn de jierren 1980 namen twa pakesizzers fan Jan Otermans, Albert en Hub, it park oer.

It park fêstige him sintraal yn Falkenburch. Lang wie it amper mear as in boarterstún. Gruttere attraksjes waarden pas nei desennia tafoege. Troch de lizzing yn in wenwyk wiene útwreidings mar beheind mooglik. De measte ynvestearringen bestiene út it meitsjen fan romte foar nije attraksjes op eigen terrein, wêrtroch't de attraksjes frij ticht op inoar stiene. De maskotte fan it park, wie "Snoopie de Clown".

Trochdat it attraksjepark midden yn in wenwyk lei, wiene de útwreidingsmooglikheden beheind en wiene der geregeld klachten fan omwenners oer lûdsoerlêst. Yn maaie 2004 oerwoech de famylje Otermans om it attraksjepark nei it rekreaasjegebiet "Steinerbosk" yn Stein te ferpleatsen. Direkte oanlieding wie de saneamde "attraksjetaks", dy't de gemeente Falkenburch oan de Geul ynfiere woe. Fan dat plan is lykwols neat telâne kaam.

Sluting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn july 2021 waard it park, dat flakby it rivierke de Geul lei, troffen troch de oerstreaming. Trochdat ek de technyske ynstallaasjes troch it heechwetter oantaast wiene en troch de mooglike fersmoarging fan it efterbleaune slib, moast it park foar minimaal fiif wiken slute. Dêrmei wie, sa die efternei bliken, it doek fallen foar "De Valkenier".

Eigeners Albert en Hub Otermans ferkochten it park oan in projektûntwikkeler, dy't der in wenwyk realisearje woe. De measte attraksjes wiene begjin 2022 al ferkocht, en ein 2022 wie it 10.000 m2 grutte terrein hielendal leech. Fan de famylje-achtbaan "Krummel" is bekend dat die nei "De Waarbeek" yn Oerisel gien is, en dêr as "Rupsje Mae" wer iepene.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL