De Tillegroppe
Appearance
(Trochferwiisd fan De Tillegröppe)
De Tillegroppe (Stellingwerfsk en offisjeel: De Tillegröppe) is in kanalisearre streamke yn de gemeente Eaststellingwerf op de grins mei Drinte, yn 'e himrik fan Appelskea. De feart begjint benoarden de N381 en rint troch nei it súdwesten. It stik op de grins mei Drinte hjit it de Koloanjefeart. By it buorskip Alde Willem bûcht it wetter nei it westen en rint út yn de Vledder Aa yn it Doldersumske Fjild.
De namme Tillegröppe jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Tilgrup.