De Terschellinger
De Terschellinger is in krante fan Skylge dy't makke wurdt troch drukkerij De Eiland-Pers yn it âlde postkantoar fan Midslân.
It earste nûmer ferskynde op 5 novimber 1985 yn in oplage fan 1500 stiks. Yn 2010 is it in abonnemintsblêd dat ferskynt yn in oplage fan in lytse 5000, ôfhinklik fan de drokte op it eilân. Dêrfan wurde 1600 op it eilân ferspraat en 2000 nûmers geane steefêst nei postabonnees oer de hiele wrâld. De krante is mei in ôfmjitting fan 25 x 17,5 sm mooglik de lytste krante fan Nederlân.
It earste nijsblêd fan Skylge wie de Terschellinger Courant dy't yn 1916 ferskynde. Yn 1936 ferskynde it Terschellinger Advertentieblad. Beide wienen yn 1985 ferdwûn. De Terschellinger waard oprjochte troch Floor Twisk en Gerard Muiser. Muiser hie der tiid foar doe't er by in reorganisaasje krekt ûntslein wie by basisskoalle 't Jokse yn Hoarne. Hy wurket yn 2010 noch foar De Terschellinger.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |