De Stulp (skoalbûtenhûs)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
De Stulp

Skoalbûtenhûs De Stulp leit by Baarn yn boskwachterij "De Vuursche".

It gebou is eigendom fan de gemeente Rotterdam en is ornearre foar de Rotterdamske skoalbern (basisskoallen) dy't dêr op wurkwike komme. De filosofy fan de gemeente Rotterdam is dat elk Rotterdamsk bern teminsten ien kear yn de skoaltiid yn de bosk west hawwe moat. Bern dy't nei de Stulp komme dogge dat altiten yn skoalferbân. It kin gean om bern út efterstânswiken, mar ek om asylsikersbern. It programma hat ek altiten in tema dat mei natoer en miljeu ferbân hâldt. Der binne leskisten en oare edukative aktiviteiten.

De 'Lage (= leger lizzende) Vuursche' wie iuwen lyn in grut heidegebiet. Dêr rinne kij om de heide yn stân te hâlden. Yn de 17e iuw en letter binne der in soad beammen oanplante. It stik heidefjild dat no noch oer is hjit ek "De Stulp". It is in beskerme natoergebiet. Direkt bûten it kamphûs begjint de bosk. Tichterby leit de Hynstebosk. De eftertún fan Paleis Soestdyk leit tsjin it Hynstebosk. Keninginne Beatrix, har suskes en âlden, hawwe jierrenlang buorlju west fan it kamphûs "De Stulp". It kamphûs is makke neffens it idee "craddle to craddle", dus mei duorsume materialen dy't fan ôffalmateriaal boud is. De bining mei it miljeu wurdt ek dúdlik oan de daktún.