Springe nei ynhâld

De Speelman

Ut Wikipedy
De Spylman
mûne / mole
lokaasje
provinsje Súd-Hollân
plak Rotterdam
adres Overschiese Kleiweg 775
koördinaten 51° 56' N 4° 26' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 26,40 m
boujier 1712
werbou: 1871/1941/1971
oare ynformaasje
eigner fer. De Hollânske Mûne
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 32928 [1]
Webside
molendespeelman.nl
Kaart
De Speelman (Rotterdam)
De Speelman

De Spylman (De Speelman) op 'e hoeke fan 'e Overschiese Kleiweg en de Oude Kleiweg is in stellingmûne yn 'e Rotterdamske dielgemeente Overschie. De hjoeddeiske mûne waard boud yn 'e jierren 1970-1971 en ferfong de mûne De Hoop, dy't yn de jierren 1960 ûnttakele waard, om't dy mûne gefaar oplevere foar it ferkear op it fleanfjild Zestienhoven. Eigner is de feriening "De Hollandsche Molen" en op guon dagen is de mûne te besichtigjen (sjoch de side fan 'e mûne foar iepenstelling). De mûne meallet nôt mei frijwilligers.

De mûne De Hoop waard yn 1712 as muonts boud en ferfong in standermûne, dy't al sûnt de 16e iuw op it plak stie. Yn 1809 waard de mûne ferhege en ferboud ta stellingmûne. Nei de bou fan in troch in stoommasine oandreaune meallerij rekke de mûne yn 1925 yn ûnbrûk.

Yn 1940 by de ynfal fan 'e Dútsers hiene de Dútske parasjutisten yn Overschie in ferdigeningspost. De mûne waard troch it Nederlânske leger brûkt om de omkriten te kontrolearjen. Om't de Nederlânske artillery miende dat der Dútske parasjutisten yn de mûne sieten, namen hja de mûne ûnder fjoer. Tsjinstplichtich sersjant A.J.F. de Bruijn wist mei gefaar foar eigen libben troch it eigen fjoer te kommen om syn mannen út de nuodlike sitewaasje te befrijen. Alhoewol't de mûne slim skansearre waard, sette de restauraasje al yn 1941 útein en yn 'e Twadde Wrâldkriich mealle de mûne weit.

Oan it begjin fan 'e jierren 1960 kaam de mûne yn rêst. Om't de mûne yn 't paad stie foar it fleanferkear fan fleanfjild Zestienhoven waard de mûne ôfbrutsen. In aksjekomitee soarge der foar de mûne yn 1941 op in oar plak wer opboud wurde koe. De mûne krige dêrby de nije namme Spylman, om't de famylje Speelman jierren op 'e mûne past hie en him sa ynset hie ta behâld fan de mûne.

Doe't De Spylman boud waard like it dien mei De Hoop, mar in nije eigner fan de grûn naam yn 2006 it beslút om de romp fan de De Hoop te renovearjen en as kantoar te brûken. Yn 2009 waard de ferbouwing foltôge.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: