Springe nei ynhâld

De Seismole

Ut Wikipedy
De Seismûne
mûne / mole
lokaasje
provinsje Seelân
plak Middelburch
adres Seisbolwerk 26
koördinaten 51°29' N 3°36' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 26,00/26,15 m
boujier 1728
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 29478
Kaart
De Seismole (Middelburch-Sintrum)
De Seismole

De Seismûne is ien fan 'e fjouwer wynmûnen yn 'e Siuwske stêd Middelburch. De mûne is in ryksmonumint.

De Seismûne is in nôtmûne op it Seisbolwurk fan Middelburch. De rûne stellingmûne is yn 1728 boud en it is de âldste fan 'e noch besteande wynmûnen fan 'e stêd. De flecht fan 'e mûne is likernôch 26 meter en de roeden hawwe Ald-Hollânsk hekwurk.

Nei de novimberstoarm fan 1940 fertutearzge de mûne. Sûnt 1955 krige de gemeente de mûne yn it besit en waard it mitselwurk wer yn oarder makke. De mûne stie lykwols stil en yn jannewaris 1968 ûntstie brân, dy't aldergelokst op 'e tiid dwêste wurde koe. Sûnt 1974 kin de mûne wer draaie en nei de restauraasje fan 'e jierren 2000-2001 is de mûne ek wer ree om te meallen. By dy restauraasje waarden de fûneminten fûn fan in noch âldere mûne. De mitsele blokken dêr't ea in standertmûne op stie, binne tegearre mei dielen fan de âlde roeden ferwurke yn in bank njonken de mûne.

Sjoch ek de oare wynmûnen yn de stêd

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Seismûne fan Wikimedia Commons.