De Hoop (Middelburch)
De Hoop | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Seelân | |
plak | Middelburch | |
adres | Vlissingsbolwerk 2 | |
koördinaten | 51° 29' N 3° 36' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôtmûne | |
flecht | 24,70/24,82 m | |
boujier | 1735 werbou: 1755, 1954 | |
oare ynformaasje | ||
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 29653 | |
Kaart | ||
De Hoop is in stellingmûne op it súdeastlike bolwurk fan it Siuwske Middelburch en is ien fan 'e fjouwer wynmûnen yn de stêd.
De mûne waard yn 1735 as in pelmûne boud. Nei in brân yn 1753 waard De Hoop yn 1755 wer opboud as nôt- en pelmûne. Nei alle gedachten foel de weropbou wat minder heech út, sadat de mûne in frijwat knobbich oansjen hat.
Oant 1920 bleau de mûne op wynkrêft yn gebrûk. Yn dat jier waard it binnenwurk weibrutsen en de mûne feroare yn in moalfabryk mei in elektromotor, dy't it wurk fan de wyn oernaam.
De mûne rekke by de bombardeminten op 'e stêd yn 1940 slim skeind. Yn 1948 krige de stêd Middelburch de mûne yn besit, dy't de mûne healwei de jierren 1950 restaurearje liet. Yn 1988 folge in grutte restauraasje en sûnt kin de mûne wer draaie, al hat de mûne fierder gjin binnenwurk.
De mûne hat in flecht fan likernôch 24,80 meter, wylst de roeden Ald-Hollânsk hekwurk besitte.
De Hoop draait regelmjittich troch de ynset fan frijwillige mounders en is yn gebrûk troch in muzykferiening. De mûne is sûnt 1966 in ryksmonumint.
Sjoch ek de oare wynmûnen yn de stêd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Seismûne (Baarnselaan 22)
- De Koning (Veerseweg 80)
- Ons Genoegen (J.H. Huyssenstraat)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Mûnedatabase
- (ned) Monuminteregister
- (ned) De Hollânske Mûne
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory De Hoop, Middelburch fan Wikimedia Commons. |