De Sân Gritenijen en Stêd Sleat
De Sân Gritenijen en de Stêd Sleat (Nederlânsk: De Zeven Grietenijen en de Stad Sloten) wie in seekearend wetterskip dat nei in tal oare fúzjes yn 1981 opgie yn it Wetterskip Fryslân. it âlde wetterskipshûs oan de Koartestreek op De Lemmer is in gemeentlik monumint.
Under it wetterskip foelen de gritenijen Gaasterlân, Doanjewerstâl, Lemsterlân, Haskerlân Anjewier, Skoatterlân en Opsterlân en de stêd Sleat. It gebiet stiet oanjûn op in lânkaart fan Chr. Schotanus út 1664, de Beschryvinghe van de heerlijckheydt Friesland tusschen 't Flie ende de Lauwers. Ferplichte ta ûnderhâld en ta it beteljen fan omslaggen of heffingen wiene de eigeners (of besitters) fan lannen, mei elkoar formjens it "ûnderhâldplichtige gebiet" fan 675,46 km² (67546 bunder).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It âldst bewarre stik oer it wetterskip giet oer it ûnderhâld fan de wetterskipswurken. It giet dan om de earste offisjele ferkiezing fan it bestjoer fan it wetterskip op 14 maart 1614. It wetterskip sil doe grif al langer bestien ha.[1] It dokumint begjint mei Op huyden den 14 marti 1614 hebben voor ons in den nadere subscriptie verstrekt (aldaer serieuslycken toe gecomitteerd sijnde) de restende volmagten van de Seven Grietenyen en de Stadt Sloten, pretendeerende de staat van de contributie schuldigen so haare subt. begrenzinge (of begrootinge) van den 7 marti anni als voren, terfine van de vergelijkinge ende wettelijcke contributie. Binnen den Stadt Sloten vergadert synde weer Vicisim op den Stadthuyse aldaer, gecomitteert en gerenomineert ende geëligeert ofte anderszins ende geresolveert aldus inbrengen te sullen. It betsjut dat de folmachten en oare funksjonarissen fan it wetterskip foar it earst by elkoar kamen yn it stêdhûs fan Sleat, om yn it bywêzen fan in kommisje in offisjele ferkiezing fan de ferskate funksjes te hâlden. It neamde "serieuslycken" soe wize kinnen dat de Fryske steaten dit sa woene. It sil de skriuwer fan it stik ynearsten in riedsel west hawwe wa 't yn de ferkiezingskommisje sieten, oant by de ôfrekken fan in pear moanne letter dúdlik waard dat it gie om Joan Eelis, siktaris fan Lemsterlân, Michiel Tjaerdts siktaris fan Skoatterlân en Ambrosius Gellius, siktaris fan Anjewier, dy't foar it notearjen fan de stimmen leanne waarden foar mei elkoar 4 karolusgûnen en 10 stuorren, dus in daalder de man.
Wapen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It heraldyske wapen wurdt beskreaun as: "Yn sinopel sân fiifblêdige koanen fan goud en ien muorrekroan fan itselde, pleatst yn in rjochthoek 3,2,3, en in trochsnien skyldhaad, boppe fan azuer, ûnder fan goud. It skyld dekt mei in gouden kroan fan trije blêden en twa pearlen".[2]
De kroanen symbolisearje de sân gritenijen, it skyldhaad is it symboal foar in seekearend wetterskip.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|