De Paauw (Nauerna)
De Paauw | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
gemeente | Saanstêd | |
plak | Assendelft | |
adres | Nauerna 43 | |
koördinaten | 52° 26'N 4° 45'E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | himpkloppermûne | |
flecht | 20 m | |
boujier | 1669; weropbou yn 2017 | |
sloopjier | 1896 | |
Webside | ||
Side fan de mûne | ||
Kaart | ||
De Paauw is in mûne yn 'e buorskip Nauerna yn 'e gemeente Saanstêd (Noard-Hollân). De skiednis fan 'e oaljemûne giet werom op 1669, doe't de wynbrief ôfjûn waard. Tsjin 'e ein fan 'e 19e iuw waard de mûne ôfbrutsen, mar de werbou fan 'e mûne folge as himpkloppermûne yn 2016-2017. De Paauw is de iennige himpklopper fan 'e wrâld.[1]
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oarspronklike mûne waard yn 1669 boud as dûbele oaljemûne, dat wol sizze dat it meganyk in dûbel slachwurk hie. De mûne wie hielendal fan hout en stie op in skuorre, dy't foar in part ynrjochte wie as mûnderswente. De mûne bleau oant 1895 as oaljemûne yn gebrûk en waard yn 1896 ôfbrutsen. De skuorre bleau lykwols stean en waard ferboud ta meardere wenten.
Weropbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De eardere skuorre wie al in gemeentlik monumint, doe't de lêste bewenner yn 2007 ferstoar. Mei it leechkommen fan 'e skuorre ûnstie ek it plan om de mûne op 'e nij te bouwen.
De earste wurksumheden fûnen plak mei it ferhûzjen fan 'e romp fan 'e net mear besteande nôtmûne De Haan, dy't eartiids yn Benningbroek boud wie en wêrfan't it achtkant yn 2006 demontearre wie en yn Abbekerk brûkt wurde soe foar de werbou fan in mûne dêr. Fan dy plannen kaam neat telâne en de Stifting Zaanse Pakhuizen, dy't eigner wie fan 'e skuorre yn Nauerna, kocht it achtkant letter oan foar de werbou fan De Paauw.[2]
Om't by boukundich ûndersyk gjin brûkbere resten fûn waarden fan 'e eardere oaljemûne en om't it achtkant fan De Haan te lyts wie om in dûbel slachwurk yn wurkje te litten, waard besletten De Paauw as himpklopper wer op te bouwen. Fan 'e likernôch 30 himpkloppers yn 'e Saanstreek wie gjin ien bewarre bleaun; de lêste himpklopper wie De Blauwe Arend, dy't yn 1913 ôfbrutsen waard.[3] Foar de bou fan 'e mûne binne tekenings út it 'Groot volkomen moolenboek' brûkt. De mûne waard op 7 septimber 2018 iepene troch Pieter van Vollenhoven.[4]
Sûnt 2020 is yn 'e mûne ek in himpmuseum ûnderbrocht.[5]
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Paauw is in typyske Saanske stellingmûne. De mûne hat in flecht fan 20 meter en de wjukken hawwe Ald-Hollânsk hekwurk. De 4,8 meter lange boppe-as waard yn 2009 getten troch de izerjitterij Gereadt. De roeden binne yn 2016 levere troch de firma Straathof út Hillegom. De mûne is mealree.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Mûnedatabase (hjoeddeiske mûne)
- (ned) Mûnedatabase (de yn 1896 ôfbrutsen mûne)
- (ned) De Hollânske Mûne
- (ned) Allemolens.nl
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|