Springe nei ynhâld

De Otter (Oterleek)

Ut Wikipedy
De otter
mûne / mole
lokaasje
provinsje Noard-Hollân
gemeente Alkmar
plak Oterleek
adres Noordschermerdijk 1
koördinaten 52° 37'N 4° 49'E
bysûnderheden
type mûne muonts
funksje nôtmûne
flecht 23,80/24,20 m
boujier 1900
oare ynformaasje
eigner Skermer Mûnen St.
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33097
Webside
www.deschermermolens.nl
Raphaelstifting.
Kaart
De Otter (Noard-Hollân)
De Otter

De Otter is in nôtmûne oan 'e Noordschermerdijk 1 yn Oterleek yn 'e Noard-Hollânske gemeente Alkmar.

Al sûnt 1633 hat yn Oterleek in mûne stien. Doe waard in fergunning ôfjûn om op it plak fan in lytse wettermûne yn it noardein fan it doarp in nôtmuntsje te setten.

De foargonger fan 'e hjoeddeiske mûne baarnde yn 1899 ôf. Nei de brân is it mûndershûs en wat der noch fan 'e mûne oerbleau ferkocht en waard de hjoeddeiske mûne boud.

De roeden krigen yn 1961 fokwjukken mei remkleppen. Yn 1963 hold it mealbedriuw op en waard de mûne oan 'e gemeente ferkocht. De wjukferbettering waard by in restauraasje yn 1988 werom draaid en binne sûnt wer Ald-Hollânsk ophekt. De gemeente droech de mûne yn 1974 oer oan 'e Stifting De Skermer Mûnen.

Hjoed-de-dei wurdt de mûne beheard troch in stifting, dy't de mûne brûkt foar it meitsjen en de ferkeap fan moalprodukten en dêrby minsken mei in beheining oan wurk helpt. De mûne draait regelmjittich.

De Otter is in reiddutsen, achtkante muonts mei in flecht fan 23,80/24,20 m.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: