De Noord (Rotterdam)
De Noard | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Súd-Hollân | |
plak | Rotterdam | |
adres | Oostplein | |
koördinaten | 51° 55' N 4° 29' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | stellingmûne | |
funksje | nôt- en moutmûne | |
flecht | 25,9 m | |
boujier | 1713 | |
sloopjier | nei brân yn 1954 ôfbrutsen | |
Kaart | ||
De Noard wie in 37 meter hege stellingmûne oan it Oostplein yn Rotterdam.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De mûne waard yn 1711 boud en ferfong doe in standertmûne. Sûnt de bou oant yn 'e 19e iuw waard de mûne brûkt as moutmûne. Letter waard de mûne ynset foar it meallen fan sied foar feefoer.
Yn 1919 soe de mûne ôfbrutsen wurde, mar dêr koe de gemeenteried krekt op 'e tiid it near op lizze. De mûne waard restaurearre en ferhierd oan in bedriuw.
By it bombardemint op Rotterdam yn 1940 stie de omjouwing yn 'e brân. De mûnder liet doe de wjukken draaie, om sa it oerslaan fan de brân nei de mûne tefoarren te kommen.
Yn 'e nacht fan 27 op 28 july 1954 baarnde de mûne dochs noch of. De oarsaak is ûnbekend. De romp fan 'e mûne, dy't te min wie om noch brûkt wurde te kinnen foar in weropbou, waard yn 'e hjerst fan itselde jier ôfbrutsen.
Weropbou?
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e twadde helte fan 2020 kaam de Rotterdamske ûntwerper Frans Blok mei in útstel om De Noard wer op te bouwen.[1]
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|