De Nieje Tied

Ut Wikipedy

De Nieje Tied (ûndertitel: Blad in t plat) is in yn 1994 oprjochte Twintsk literêr-kultureel tydskrift, skreaun yn it Twintsk en oanbuorjende Nedersaksyske taalfarianten (Sallânsk, Achterhoeksk en 't Platdútsk fan krekt oer de grins).

Utjefte[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Blêd wurdt fanút Ynskedee útjûn troch De Oare útjouwerij. Yn de redaksje sit Gerrit Klaassen en mei-oprjochter Goaitsen van der Vliet. Oan syn ferstjerren yn febrewaris 2009 siet ek mei-oprjochter Frank Löwik der yin. De Nieje Tied komt ûngeregeld út romme tuskenskoften.

Ynhâld[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn De Nieje Tied steane literêre bydragen yn ferskate sjenres; prakkesaasjes oer literêre oangelegenheden en widere keunst; taalkundige stikjes; in rubryk foar koarte berjochten, ynstjoerde en stikelstikjes; en in oersjoch fan nij wurk yn en oer it dialekt. Goaitsen van der Vliet syn Standaard Schriefwieze foar it Twintsk wurdt yn it blêd oanhâlden.

Styl[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Nieje Tied wol nijtiids wêze en biedt gjin stee foar 'folklore en kritiekloze ophemmeling van anneke-bestemoorstied'.[1] Bytiden ropt de redaksje argewaasje op troch krityske besprekken fan skriuwwurk (en stavering, setwurk en foarmjouwing) fan yn har eagen lege kwaliteit, meidat it Twintsk dêr net fierder mei komt; troch har 'knooiboksnweark' neamd.

Al sûnt it begjin rûn it dêrtroch net bêst tusken it skerpe nije blêd en de tradisjoneler kleure streektaalblêden. De Twentsche Courant skreau: 'Organisaties die zich met het oostelijk dialect bezighouden [...] zwijgen in alle en zelfs de streektalen. Noch in Stad en Land van de Twente Academie, noch in de Bodbreef van de Kreenk vuur de Twentse Sproak of De Moespot van t Verbond van Neersasse Dialectkringen een woord over het nieuwe blad in t plat.' [2]

It fêsthâlden troch Twintske skriuwers en lêzers oan nostalgyske skriuwerij oer eartiids is neffens Frank Löwik yn syn proefskrift oer de 'Twintske Beweging' de reden dat De Nieje Tied tige lytsskalich bliuwt, wylst oare streektaalskriuwerij merakelsk goed rint, hege oplages hat en werprinte wurdt.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Webstee fan De Nieje Tied; sitearre út nûmer 1
  2. Gerard Vaanholt, Het botert nog niet tussen De Nieje Tied en dialectclubs, De Twentsche Courant, 2 augustus 1994
  3. F.G.W. Löwik (2003). De Twentse Beweging : strijd voor modersproake en eigenheid. Grins: Ryksuniversiteit Grins. Haadstik njoggen