De Lichtbron (Wâlterswâld)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
"De Lichtbron"
Wâlterswâld, De Lichtbron (griff.-frijmakke tsjerke).jpg
lokaasje
lân Flag of the Netherlands.svg Nederlân
provinsje Frisian flag.svg Fryslân
gemeente Flag of Dantumadeel.svg Dantumadiel
plak Wâlterswâld wapen.svg Wâlterswâld
adres Tsjerkeloane 12
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1952
arsjitekt T. van der Kooi
oare ynformaasje
webside Side fan de gemeente

"De Lichtbron" is de namme fan de tsjerke fan de grifformeard-frijmakke gemeente fan Driezum-Wâlterswâld.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1944 fûn der in skuorring plak yn de Grifformearde Tsjerke. Utspraken fan de synoade fan de Grifformearde Tsjerke waarden binend ferklearre en it beswierre diel wie fan betinken dat dizze útspraken yn striid wiene mei artikel 31 fan de Doardtske Tsjerkeoarder. Dat hie grutte gefolgen foar de grifformearde gemeente fan Wâlterswâld-Driesum. Hast de helte fan de leden ferliet de âlde gemeente en sleat him oan by it nij foarme tsjerkegenoatskip.

Foar de jonge frijmakke gemeente waard yn 1952-1953 in ienfâldige tsjerke boud oan de Tsjerkeloane.

Sûnt 2004 makket ek de Hersteld Herfoarme gemeente fan Wâlterswâld gebrûk fan "De Lichtbron".[1]

Oargel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de tsjerke stiet in oargel fan de firma Van Vulpen út Utert. It ynstrumint waard oarspronklik yn 1972-1973 foar de grifformearde (tsjintwurdich PKN-) tsjerke De Fontein yn Dokkum boud. Mei it sluten fan de Dokkumer Noardertsjerke naam De Fontein it Reil-oargel fan de Noardertsjerke oer. De frijmakke tsjerke fan Wâlterswâld kocht doe it Van Vulpen-oargel fan De Fontein oan.[2][3] It oargel ûndergyng yn 2017 in restauraasje.[4]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: