De Klokslag

Ut Wikipedy
De Klokslag
algemien
nasjonaliteit Nederlânsk
type privaat
sektor masinebou
fêstige yn Boalsert (Fryslân)
oprjochte 1989
eigner Evert Yntema / Jan Dijkema
sifers
aktyf yn Nederlân
wurknimmers 74 (2019)
tal lokaasjes 1
offisjele webside
www.klokslag.nl

De Klokslag is in fabryk yn 'e Fryske stêd Boalsert, dêr't masines boud wurde foar gebrûk yn yndustriële bedriuwen. De Klokslag hie yn 2019 74 minsken oan it wurk.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Klokslag waard yn 1989 oprjochte. It bedriuw waard yn 2014 oernommen troch de Dútske beursnotearre masinebouwer GEA Group, dêr't De Klokslag doe al jierren mei gearwurke. Yn dy tiid hie De Klokslag ferskate topjierren, benammen troch in grutte ynvestearringsweach yn 'e Jeropeeske tsiissektor. Sa makke it bedriuw û.m. tsiisproduksjelinen en pikellokalen foar it nije molkfabryk fan A-ware op It Hearrenfean. Om oan dy oarder te foldwaan, dy't ien fan 'e grutste wie út 'e skiednis fan De Klokslag, moast der in nije loads byboud wurde en waard ekstra personiel oannommen.

Fan 2015 ôf rekke it mei De Klokslag lykwols yn it neigean, om't grutte nije ynvestearrings yn 'e suvelyndustry útbleaune. Nei ferrin fan tiid die bliken dat it Boalserter bedriuw de holle mar amper mear boppe wetter hâlde koe mei de strange regels dy't fanút de GEA Group oplein waarden en de fierstente grutte overheadkosten, dy't in behinderjende útwurking op 'e pleatslike bedriuwsfiering hiene. Yn 2019 bea GEA de eardere eigner Evert Yntema oan om De Klokslag werom te keapjen. Yn 'e mande mei âld-abbekaat Jan Dijkema, dy't ek al fan it begjin ôf by it bedriuw belutsen west hie, besleat Yntema dat oanbod oan te gripen. Nei de keap, dy't begjin novimber 2019 troch in oerdracht fan oandielen syn beslach krige, waard De Klokslag wer in selsstannich bedriuw.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Mik, Karin de, De Klokslag weer in Friese handen, yn: de Ljouwerter Krante, 20 novimber 2019, s. 15.