De Kleine Molen (Haarlim)
De Kleine Molen (Haarlim) | ||
mûne / mole | ||
lokaasje | ||
provinsje | Noard-Hollân | |
plak | Haarlim | |
adres | Hommeldijk 20 | |
koördinaten | 52°20' N 4°39' E | |
bysûnderheden | ||
type mûne | muonts | |
funksje | poldermûne | |
flecht | 16,15 m | |
boujier | 1879 werbou 1972 en 1991 | |
oare ynformaasje | ||
eigner | gemeente Haarlim | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 19874 | |
Webside | ||
www.smzk.nl | ||
Kaart | ||
De Lytse Mûne of De Holder, offisjeel De Kleine Molen of De Hommel, is in yn 1879 boude poldermûne oan 'e Hommeldijk 20 yn Haarlim. De mûne bemealle de lytse polder fan 'e Vereenigde Groote en Kleine polders.
It giet om in reiddutsen, achtkante muonts mei in Ald-Hollânsk wjukkekrús mei in flecht fan goed 16 m.
Yn 1944 joegen de Dútsers opdracht om de polder ûnder wetter te setten. Nei de oarloch moast de mûne de polder wer drûchmealle, mar de houten fizel foldie net mear en is doe ferfongen troch in fizel fan staal, dy't fan in elektromotor oandreaun waard. De mûne wie doe net mear mealree.
Yn 'e jierren 1963-1964 folge in útwindige renovaasje, mar op 31 maart 1967 baarnde de mûne troch bliksemynslach út. It skelet bleau stean en it achtkant koe wer brûkt wurde foar in restauraasje, dy't yn 'e jierren 1972-1973 útfierd waard. De mûne koe doe wer draaie en fanwegen syn wat knobske oansjen waard de mûne doe ferneamd nei de holder.
De Lytse Mûne kin besocht wurde as er draait. Sûnt 1968 is de gemeente Haarlim eigner fan 'e mûne, dy't de mûne foar it behear oerdroech oan 'e stifting Molens Zuid-Kennemerland.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|