De Jokse (wetterskip)
Appearance
De Jokse wie in lyts wetterskip yn de gemeenten Idaarderadiel en Ljouwerteradiel yn de Nederlânske provinsje Fryslân.
It waard oprjochte om it oerstallige wetter út de polders fuort te pompen. It wetterskipsgebiet, mei in oerflakte fan 140, letter 178 hektare, waard bemeald troch in elektrysk gemaal. It gemaal ferfong in stik of trije wettermûnen en in wynmotor.
It wetterskip waard opheft yn 1979 en gie doe op yn wetterskip De Middelsékrite. Yn 2004 waard it gebiet fan De Jokse part fan Wetterskip Fryslân.