Springe nei ynhâld

De Houtwiel (tsjasker)

Ut Wikipedy
De Houtwiel
mûne / mole
De mûne yn 2022
De mûne yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Dantumadiel
plak De Falom
adres Goddeloaze Singel
koördinaten 53° 15' N 5° 59' E
bysûnderheden
type mûne pealtsjasker
funksje poldermûne
flecht 5,1 meter
boujier 1975; weropbou 2017
oare ynformaasje
eigner Steatsboskbehear
Kaart
De Houtwiel (Fryslân)
De Houtwiel

De Houtwiel is in tsjasker oan de Goddeleaze Singel yn De Falom yn de gemeente Dantumadiel.

De tsjasker waard yn de jierren 1974-1975 yn opdracht fan Steatsboskbehear neiboud neffens in oarspronklik model fan de tsjaskerbouwer Roelof Dijksma en delsetten yn it natoergebiet De Houtwiel yn it noardlike doarpsgebiet fan Feanwâlden. De pealtsjasker ferlear dêr lykwols syn funksje en waard ôfbrutsen, restaurearre (yn 1996) en dêrnei opslein.

Yn 2005 waard de mûne 600 meter eastliker op it hoeddeiske plak yn De Houtwiel delset, dat yn it doarpsgebiet fan De Falom falt.

De tsjasker waaide yn 2017 by in stoarm kapot en waard dêrnei werboud. Yn 2019 waard de tsjasker op deselde lokaasje werom set.[1]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Friese Molens, 1995 Friese Pers Boekerij BV, ISBN 90 330 1522 6, side 166
  • Publikaasjeboerd by de mûne.