Springe nei ynhâld

De Hoop (Sleen)

Ut Wikipedy
De Hoop
mûne / mole
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Sleen
adres Drostenstraat 16
koördinaten 52°46' N 6°48' E
bysûnderheden
type mûne stellingmûne
funksje nôtmûne
flecht 24,56 m
boujier 1914
oare ynformaasje
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 33787 [1]
Webside
Side fan mûne De Hoop
Kaart
De Hoop (Drinte)
De Hoop

De Hoop is in nôtmûne yn it Drintske Sleen yn 'e gemeente Coevorden.

De mûne waard yn 1915 boud troch mûnebouwer Reinds út Beilen en folge in achtkante boppekruier sûnder stelling op. Dy foargonger wie yn 1850 boud en stie doe oan 'e râne fan 'e heide, maar baarnde yn 1914 ôf.

De hjoeddeiske nôtmûne stie earder op 'e hoeke fan 'e Daltonstraat/Leusderweg yn Amersfoart en wie dêr bekend as mûne "De Gunst". Fanwegen de smei-izeren as en oare dielen is oan te nimmen dat de mûne earder noch as yndustrymûne yn Noard-Hollân stien hat. Yn 1915 ferhûze de mûne nei Sleen en krige dêr de namme "De Hoop".

Oant likernôch 1960 bleau de mûne oan it wurk, mar dêrnei rekke er yn ferfal. Healwei de jierren 1970 fûn der in grutte restauraasje plak. Nei de restauraasje waard de mûne brûkt as pakhûs.

Yn 2010 hat de gemeente Coevorden de mûne oernommen. De Sleener mûnestifting "De Hoop" waard yn 2012 oprjochte en hat as doel om de mûne safolle mooglik te brûken.

De mûne is in achtkante boppekruier mei stelling en in mitselde ûnderbou. Kape en achtkant binne mei reid dutsen. De roeden binne fan metaal en hawwe âldhôllanske wjukken en in flecht fan 24 meter.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: