Springe nei ynhâld

De Himmen (stins)

Ut Wikipedy

De Stinswier De Himmen is in archeologysk fynplak ten westen fan Yndustryterrein De Himmen yn de stêd Snits. It is de lokaasje fan in stins út de 13e of 14e iuw.

Yn 2005 waard archeologysk ûndersyk dien op de lokaasje. Der waarden resten fan in wentoer fûn dy't op in wier stie. De toer hie grêften en in ophelbrêge. De stinswier is ôfgroeven en dêrtroch net mear te sjen yn it lânskip mar is te datearjen as 13e- oant 14e iuwsk. Der binne ek resten fûn út de 8e of 9e iuw. Op de lokaasje binne diggels en houtfynsten dien. De wier is tusken 1040 en 1260 mei hout ferstevige. Skriftlike boarnen oer dizze lokaasje binne der net, mar der is wol in notysje út 1511 wêryn oer in wier op dizze lokaasje sprutsen wurdt.

Tsjintwurdich leit dizze lokaasje ûnder de Rykswei 7.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: