Springe nei ynhâld

De Helper (Haren)

Ut Wikipedy
De Helper
mûne / mole
lokaasje
provinsje Grinslân
plak Haren
adres Hoornsedijk 8
koördinaten 53°10'N 6°34'E
bysûnderheden
type mûne muonts
boujier 1863; (weropbou) 1971
oare ynformaasje
eigner Meerschap Paterswolde
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 20307 [1]
Kaart
De Helper (Grins)
De Helper

De Helper is in poldermûne yn it buorskip Nijveensterkolk op 'e eastlike kant fan it Paterswoldsemar yn 'e gemeente Grins.

De achtkante mûne waard yn 1863 súdlik fan 'e stêd Grins oan 'e eastlike kant fan it Noard-Willemskanaal boud foar it bemeallen fan 'e polder Helpman. Yn 'e jierren 1950 rekke de mûne bûten gebrûk en yn ferfal. Yn 1955 folge de ûnttakeling en bleau de mûne as romp stean.

Fanwegen de útwreiding fan 'e stêd Grins en de oanlis fan 'e A28 yn 1969 moast de mûne op it oarspronklike plak ôfbrutsen wurde. Yn 1971 waard de mûne op it hjoeddeiske plak by it Paterswoldsemar wer opboud. De mûne wurdt troch frijwillige mounders regelmjittich op sneon yn bedriuw set.

De wjukken binne útrist mei it systeem Fauël en Ald-Hollânsk hekwurk. De roeden hawwe in flecht fan 28,50 meter.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: