Springe nei ynhâld

De Hamer

Ut Wikipedy
It eardere pakhús De Hamer oan de Roazegrêft 6 yn Harns

It eartiidske pakhús De Hamer oan de Roazegrêft 6 is monumintaal pân yn de stêd Harns.

De Roazegrêft mei slûs en de Hamer

It pakhús leit rjocht foar de Lytse Slûs fan Harns oer. It pakhús mei sealdak tusken puntgevels komt út de 18e iuw.[1] Boppe de tagongsdoar yn de midden sitte trije grutte rjochthoekige lûken. Op it middelste lûk stiet yn wite letters DE HAMER. Yn de rin fan de 20e iuw ferlear it pân syn oarspronklike bestimming as pakhús. De lêste dy't it gebou as pakhús brûkte wie in nôthanneler. Yn 1975 waard it pân troch brân ferwoaste. It stie leech mar wie yn it besit fan de stichting Seesilers.[2] It pân waard wer opknapt. Yn 1985 waard it gebou kocht troch de roomske tsjerke fan Harns. Sûnt dy tiid joech it pân ûnderdak oan ferskate sosjaal-kulturele aktiviteiten, lykas pjutteboartersplak, scouting en oare foarsjennings. Yn 1999 waard ek de bûtekant fan it pakhús restaurearre.[3] It eardere pakhús is erkend as ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod: Hamer, Harlingen
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4
  • Harnzer Histoaryske Boarnen: Roazegrêft 6

  1. De Rykstsjinst foar it Kultureel erfguod neamt de 18e/19e iuw. Yn de Harnzer histoaryske Boarnen wurdt skreaun dat it pakhús weinige jaren voor 1738 nieuw gebouwd was.
  2. Ljouwerter Krante d.d. 22 oktober 1975: Monumentaal pakhuis in Harlingen verwoest
  3. Ljouwerter Krante d.d. 25 maart 1999: Harlinger pakhuis opent deuren