De Forten
De Forten wiene wenten foar earmelju oan de noardein en de súdein fan de Dwersfeart yn Drachten.
Yn it begjin fan de 20e iuw liet de gemeente Smellingerlân de wenten sette foar earmelju dy't sosjaal net oanpast wiene neffens de (boargerlike) noarmen fan dy tiid. It sil dêrom net tafallich west hawwe dat dy huzen oan it fuottenein fan Drachten komme moasten. Oan de útein fan de Noarderdwersfeart kamen twa blokjes fan twa wenten ('Noarderforten') en op de ein fan de Súderdwersfeart twa blokjes fan fjouwer wenten ('Suderforten'). Sy waarden bewenne troch meast grutte húshâldings. De wenten liken wol 'oanpast' te wêzen oan de libbenswize fan de minsken dy't men op it each hie: sy lieken wol wat op forten en waarden yn de folksmûle dan ek sa neamd.
De Forten wiene fjouwerkant boud en hiene platte dakken. De foargevel hie twa heech oanbrochte lytse finsters mei pikegaas foar de glêzen. De doar oan de efterkant kaam fuort yn de keamer út. De flier wie fan stien en de bedsteeën fan semint. Yn de jierren 1920 kaam der in kape op de wenten en waarden de lytse ruten troch gruttere ferfongen.
Yn 1986 is lêste wente fan de Suderforten ôfbrutsen.
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|