Springe nei ynhâld

De Fergulde Ingel

Ut Wikipedy
It pân oan de Lanen 28 anno 2011

De Fergulde Ingel (ek:De Gouden Ingel) oan de Lanen 28 is in monumintaal pân yn Harns.

De gevelstien mei de fergulde ingel

It pân oan de Lanen 28 yn Harns is it âldste bakstiennen hûs fan de stêd. De wenning is út de 16e iuw. Op de gevelstien mei de fergolle ingel stiet it jiertal 1596. It is in ôfbyld fan de aartsingel Michael, de beskermhillige fan de stêd Harns.[1] It hege smelle pân ûnder in sealdak hat in ojyffoarmige geveltop. It gebou wurdt brûkt as lôzjegebou "Deugd en IJver" fan de Frijmitselderij.

It gebou is erkend as ryksmonumint.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rykstsjinst foar it Kultureel Erfguod: De Gouden Ingel, Harns
  • Stenvert, Ronald [et.al.] (2000) Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders. ISBN 90 400 9476 4

  1. Harnzer Histoaryskeboarnen: Lanen 28