Springe nei ynhâld

De Drie Gemeenten

Ut Wikipedy

Wetterskip De Drie Gemeenten wie in wetterskip yn de eardere gemeenten Gaasterlân, Himmelumer Aldefurd en Noardwâlde yn Fryslân. It wie in selsstannich bestjoersorgaan fan 1916 oant 1920.

It wetterskip mei in oerflak fan 3700 hektare oerkoepele it tagelyk oprjochte Woudsend c.a. en De Grote Noordwolderpolder. Doel wie it stiftsjen, yn it wurk hâlden en ûnderhâlden fan in grut gemaal, dat beide wetterskippen bemealle moast; foar it wetterskip Woudsend c.a. wie dat it gebiet noardlik fan de Bokkeleane. Yn 1920 waard it wetterskip wer opheft en waarden de skulden ferparte oer de twa wetterskippen dy't bekoepele waarden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: