Springe nei ynhâld

De Deur (Ljouwert)

Ut Wikipedy
De Deur
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
plak Ljouwert
adres Swemmerstrjitte
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier ?
offisjele webside
De Deur, Ljouwert

Evangelie gemeente De Deur is in evangelyske gemeente oan de Swemmerstrjitte yn Ljouwert. It is ien fan de mear as sechtich gemeenten fan it tsjerkegenoatskip yn Nederlân dat yn Ljouwert út Swol wei stifte waard.

Evangelyske gemeente De Deur hat woartels yn de Jezusbeweging fan de jierren 1960 en is sûnt 1989 aktyf yn Ljouwert.[1] Fan ôf it jier 2000 hierde De Deur de eardere grifformearde Skrânstsjerke, nei't De Deur earder it ûnderkommen oan de Foarstreek fanwege de brânfeiligens ferlitte moast.[2] Tsjintwurdich komme de leden yn in gebou oan de Swemmerstrjitte byinoar.

De gemeente kocht maityd 2016 in oangrinzgjend pân oan fan in earder bedriuw. Mei help fan frijwilligers waard de tsjerkeseal fergrutte, der kaam in poadium mei in konsertfasiliteit foar eveneminten en der waarden nije romten foar de opfang fan bern en Bibelstúdzjes ynrjochte.[3]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: