De Bolle fan Amersfoart

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan De Bolle fan Amersfoort)
De Nije Bolle mei de bollelûkers
Houten bolle
ôfbaarnd

De Bolle fan Amersfoort is in byld yn de stêd Amersfoart op de rotonde Flierbeeksingel/Kamp fan byldzjend keunstner Thijs Trompert foar it Elizabeth ferpleechhûs.

Histoarje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de simmermoannen fan 2006 waard yn Amersoort de manifestaasje Urban Wijland hâlden. Foar dit projekt makke keunstner Trompert fan sloophout ‘De Bolle’. It byld kaam tydlik by it stedhûs oan it Stedhûsplein te stean en stie letter dat jier ek noch by Keunstkavel yn de stedswyk Vathorst. Yn septimber 2006 kocht de gemeente Amersfoart it keunstwurk oan.
Yn novimber 2007 waard ‘De Stier’ as tydlik bewenner op de rotonde Flierbeeksingel/Kamp te stean. De wykbewenners wienen fuort tige wiis mei it byld mar op 30 july 2009 stutsen fandalen it houten byld yn de brân. De kop wie hielal ôfbaarnd en it tehavene byld koe neffens de keunstner net wer restaurearre wurde en it ‘kastrearde’ bist waard op 11 desimber fan de rotonde helle.

Fernijd[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Amersfoartske ûndernimmers, ferienings, frijwilligers en de gemeente beslueten jild by elkoar te bringen om keunstner Thijs Trompert in nije ‘Us Bolle’ meitsje te litten fan 'ûnstjerlik' stiel. It nije byld waard 5 meter heech en 8.000 kilo swier en moat in statement wurde tsjin fandalisme yn de stêd. Der binne leafst 30 rôlen lasktried, fan 15 kg it stik, yn ferwurke. In pear hûndert minsken hawwe fan de mooglikheid gebrûk makke om har ‘ferivigje’ te litten mei Us Bolle troch tsjin kostpriis it stikje tekst graveare te litten op in stikje stiel fan ‘De Bolle’.
In seleksje:
Vanuit de schroothoop herrijs je in stevig staal!
Stoere stier wat sta je hier sterk!
Fier ben ik en niet meer klein te krijgen
Ik kwam en ik zag en ik overwon!
Nu ben ik net zo onverwoestbaar als de Kei!
Een mooi beeld schets zichzelf…
Gestaalde kracht, karakter met kloten. Amersfoorts nieuwe pracht, de kei is van zijn plaats gestoten.

Bollebal

Meidat de Amersfoarters tige wiis wienen mei it âlde byld waard fan de pleatsing fan de nije bolle in spektakel makke yn de foarm fan in ‘Bollebal' (Het Stierenbal) op snein 27 maart 2011, de earste snein fan de maitiid. De bolle kaam doe werom nei syn greide (rotonde) op de râne fan de histoaryske binnenstêd, krekt bûten de âlde stedspoarten. Sa’n 60 ‘bollelûkers’ lûke it byld der hinne, wêrnei’t it fêstsetten waard. De staasje ferrûn yn ‘Pamplona-styl’ trochdat de lûkers yn in wite broek en shirt mei reade sjaal de bolle op in karre lûke nei syn greide mei in read-kleurjende arena der omhinne. De rook fan Argentynske briedlappen en oksesturtesop en it oansjen fan fjoerkuorren en fakkels wachte de bolle op. Ut de fierte kaam lûd: De bolle komt der oan! Oan de kant fan de arena stiet in poadium. Amersfoarters wiene dêrnei yn de gelegenheid in minút lang eat te sjongen, foar te dragen of te fertellen oer de bolle en artysten makken der in feest fan.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: