Springe nei ynhâld

De Wytsing

Ut Wikipedy
De Wytsing yn Amersfoart

De Wytsing is in byld yn Amersfoart en stiet by de rotonde fan de krusing Van Randwijckleane /Sjongfûgelwei. It is der delsetten by gelegenheid fan de Keistêdfeesten yn 1978, doe't Sweden it tema wie. De Sweedske keunstner Calle Örnemark makke it 12 meter hege byld fan sloophout, dat kaam fan in 17e iuwske Sweedske pleats.

Op de foet waard in tekst oanbrocht: gud bevara ass för vikingen ('God hoedzje ús foar de Wytsings'). Yn 'e mande mei de Amersfoartske skoalbern hat er it byld skildere. De Wytsing is neamd nei Björn Järnsida,[1] in Sweedske wytsing dy't yn Nederlân plondere hat. Spitigernôch bedoar it hout al hurd troch rein en wyn. Yn 1986 is it restaurearre, mar it byld blykte net mear te rêden. Yn 1993 is der in nije, ympregnearre Wytsing fan Örnemark delsetten op fersyk fan de wykbewenners.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  1. Wikipedia en: Björn Ironside, hjir [1]