Springe nei ynhâld

De Biskop

Ut Wikipedy

De Biskop is in delsetting súdeast fan Duerswâld yn de gemeente Opsterlân.

It wurdt yn 1922 foar it earst as De Bisschop neamd, de namme fan in stik healân ûnder Bakkefean. Mooglik is de namme in ferwizing nei de biskop dy't hjir by in trochgong troch it fean yn 1232 troch de Drinten ferslein waard. Of it kin ferwize nei de biskop fan Münster Bearend fan Galen dy't hjir yn 1672 mei syn leger lâns kaam.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: