David Hahn

Ut Wikipedy

David Hahn (Clinton Township (Michigan), 30 oktober 1976Shelby Charter Township (Michigan) 27 septimber 2016) wie in Amerikaan dy't ferneamd waard, meidat er besocht om in kearnreaktor te bouwen yn syn eftertún yn Commerce Township, in plak yn 'e stêdekloft fan Detroit.

Hahn, ek "Radioactive Boy Scout", boude de reaktor yn 1994 as 17-jierrich jonkje. Foar de bou hie Hahn in paadfinersbadge wûn foar syn kennis fan kearnenerzjy en it eksperimintearjen mei gemyske stoffen. Foar de bou fan de reaktor waard er ynspirearre troch it boek The Golden Book of Chemistry Experiments. Foar de reaktor brûkte er it radio-aktive stof litium, dat helle er út batterijen. Hahn moast tûzen dollar batterijen keapje foar't er genôch hie. Hahn learde mear oer syn reaktor troch him foar te dwaan as wittenskipper of learaar en sa te korrespondearjen mei minsken dy't ûnderfining op dat mêd hiene. Hy woe in reaktor bouwe troch gebrûk te meitsjen fan isotopen om parten fan toarium en uranium om te setten nei dielbere isotopen.

Alhoewol't syn eigen reaktor net wurke, kaam der al giftich materiaal frij dat tûzen kear radio-aktiver wie as de normale eftergrûnstrieling. Doe't er ûntdutsen waard, woe er de reaktor ôfbrekke. Mar de plysje seach dat, ear't er begjinne koe. De Environmental Protection Agency waard deryn behelle om de reaktor feilich ôf te brekken, en de resten waarden feilich yn Utah opburgen. Hahn stie wilens de bou bleat oan radio-aktive strieling mar wegere medysk ûndersyk. Hy hope karriêre te meitsjen as spesjalist yn nukleêre wittenskippen, mar de Amerikaanske oerheid liet dat net ta. Wol koe er yn it leger, dêr't er as matroas wurkje koe op it nukleêre ûnderseeboat U.S.S. Enterprise.

Op 1 augustus 2007 waard Hahn op 'en nij pakt neidat er sechtjin reekmelders stellen hie. It is bekend dat reekmelders in lyts bytsje radio-aktive stoffen befetsje. De reade plakken op syn antlit, dy't men sjen kin op 'e bylden dy't makke binne neidat er oanholden waard, komme fan de radioktive strieling. Hahn soe in finzenisstraf krije kinne fan fjouwer jier, mar hie waard feroardield ta 90 dagen.

David Hahn stoar yn de âldens fan 39 jier, by fersin, oan de kombinearre effekten fan alkohol, difenhydramine en fentanyl.