Springe nei ynhâld

Dante degli Alighieri

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Dante)
Dante Aligiery troch Alessandro Botticelli

Dante degli Alighieri yn 'e regel Dante Alighieri of koarwei Dante neamd (Florâns, 29 maaie 1265 - Ravenna, 13/14 septimber 1321) wie in Italjaansk dichter en politikus. Syn foarneamdste wurk stiet bekend as "La divina commedia" (De godlike komeedzje). It is in lang gedicht yn trije parten oer in reis troch de Hel (Inferno), troch it Faaiefjoer (Purgatorio) nei it Paradys (Paradiso) en wurdt beskôge as in hichtepunt fan de wrâldliteratuer. De Italjaanske 2-euromunten befetsje in portret fan Dante, tekene troch Rafael.

Yn Dantes tiid wie it normaal te dichtsjen, proaza bestie amper. Poëzij hie lykwols in hiel oare opbou as tsjintwurdich. Ynstee fan op rym, waard der fral op metrum letten, hoewol't Dante yn de Divina commedia in yngewikkeld soarte fan rym brûkt. Al op njoggenjierrige leeftyd begûn Dante te dichtsjen.

Dante libbe yn Florâns, destiids mei 80.000 ynwenners op Parys nei de grutste stêd yn Jeropa en ien fan de wichtichste kulturele en hannelssintra. Yn 1302 waard hy, wylst er as gesant by de paus wie, út de stêd ferband troch de Swarte Welfen, syn politike tsjinstanners. Dante dy't sels by de Wite Welfen hearde, wie foarstanner fan in myldere politike koers, dêr't de tsjerklike en wrâldlike ferhâldingen oars wienen as by de Swarte Welfen. De Witen woenen in soarte fan skieding tusken tsjerke en steat en foar werropping fan de Donatio Constantini. Nei in mislearre kûp fan de Wite Welfen besleaten de Swarte Welfen om Dante en syn famylje foar twa jier te ferbannen. Dizze straf waard, omdat Dante by ferstek feroardiele wie, al gau omsetten yn libbenslange ferbanning.

Syn libben lang is Dante fereale bleaun op de net te berikken Beatrice, in troude frou, dy't hy mar twa kear yn it echt sjoen hat en dy't yn La divina commedia ek in rol ferfollet. Dantes geskrift Vita nuova út 1293 is sels folslein oan har wijd en giet oer syn suvere abstrakte leafde foar har. Nettsjinsteande syn leafde foar Beatrice wie Dante heit fan meardere bern, dêr't Pietro Aligiery de bekendste fan is.

Deademasker (yn "Palazzo Vecchio", Florâns)

Nei syn ferbanning swalke Dante troch hiel Itaalje, benammen troch it rike en better ûntwikkele noarden. Itaalje bestie yn dy tiid noch út talrike keninkriken en al gau pleite Dante foar ien Itaalje. Fral de taal wie dêrby in wichtich middel foar ienheid. La divina commedia is skreaun yn de folkstaal, it Toskaansk fan rûn 1307. Dy foarleafde foar de folkstaal is de ynset fan syn traktaat De vulgari eloquentia (Oer de redenrykdom yn de folkstaal). Oere wurken binne Monarchia, oer it keningskip, Questio de aqua et terra, oer de wittenskip, Convivio (Gastmiel), oer it genot fan de filosofy, en Vita nuova, in lofdicht op Beatrice. In oar weromkommend tema yn syn wurk is de earder neamde striid tusken de Welfen en de Gibbelinen, wat late ta in grut tal politike ferwizings yn syn "Divina commedia.

Dante ferstoar yn 1321, noch hieltyd as balling, yn Ravenna, dêr't hy begroeven leit. Lange tiid hienen de stêden Florâns en Ravenna spul oer syn oerskot, mar Dante bleau yn Ravenna.

De vulgari eloquentia, 1577
  • 1295 La Vita Nuova, autobiografyske proazatekst mei gedichten yn it Florintynsk.
  • 1304 - 1306 De Vulgari Eloquentia, pleidoai yn it Latyn foar it gebrûk fan it Italjaansk.
  • 1304 - 1307 Il Convivio, betooch yn het Florintynsk oer it nut fan filosofy en moraal yn de polityk.
  • 1306 - 1321 La Divina Commedia
  • 1310 - 1313 De Monarchia, betooch yn it Latyn dat allinnich ienhadich gesach alle ûnderdienen frijheid en rjocht jaan kin.
  • ~ Le rime, postume samling fan fersprate gedichten yn it Florintynsk, skreaun yn 'e rin fan Dante syn libben.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dante Alighieri fan Wikimedia Commons.