Springe nei ynhâld

Daniël Knuttel

Ut Wikipedy
Daniël Knuttel
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 12 maart 1857
stoarn 19 novimber 1926
wurkpaad
berop/amt Arsjitekt
aktyf as Ryksboumaster

Daniël Eduard Cornelis Knuttel (Maassluis, 12 maart 1857De Haach, 19 novimber 1926) wie in Nederlânske arsjitekt en grafysk ûntwerper.

Hy waard yn 1892 as nije ryksboumaster oansteld en as behearder fan de Haachske Lânsgebouwen, dêr 't er ryksboumaster J.P.E. Hoeufft mei opfolge. Hy waard oplaat oan de Polytechnyske skoalle yn Delft en wie in kundich arsjitekt en manager. Knuttel ûntwurp in soad oerheidsgebouwen, foaral om de iuwwiksel hinne. In skoftlang wie er gemeente-arsjitekt fan Leiden. Syn soan is de Deventer arsjitekt W.P.C. Knuttel dy't dêr it saneamde Knutteldoarp boude.

Njonken arsjitekt wie Knuttel ek grafysk ûntwerper. Hy wie de ûntwerper fan de postsegelsearje "Wilhelmina Bontkraag", dy't fan 1899 ôf útjûn waard.

In kar:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • De Rijksbouwmeesters, Utjouwerij 010, 1995; ûnder oare s. 187 en 271.
  • Van Handelskade tot Pothoofd, 2000, H.J. van Baalen en H.J.M. Oltheten.