Springe nei ynhâld

Damscheid

Ut Wikipedy
Damscheid
Jehannes de Dopertsjerke
Jehannes de Dopertsjerke
Emblemen
Polityk
Lân Dútslân
dielsteat Rynlân-Palts
lânkring Rhein-Hunsrück-Kreis
ferbânsgemeente Hunsrück-Mittelrhein
Sifers
Ynwennertal 671 (2022)[1]
Oerflak 15,15 km²
Befolkingsticht. 44 ynw./km²
Hichte 340 m
Oar
Postkoade 55432
Koördinaten 50° 6'N 7° 40'E
Offisjele webside
www.damscheid.de
Kaart
Damscheid (Rynlân-Palts)
Damscheid

Damscheid is in Ortsgemeinde yn 'e ferbânsgemeente Hunsrück-Mittelrhein yn 'e Rhein-Hunsrück-Kreis yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts.

Eartiids wie Damscheid in wyndoarp, mar alhoewol't der op it doarp noch wat wynbou is, wurdt it tal wynboeren jimmeroan minder.

It doarp leit op in smelle hichterêch op 'e Hunsrück. In breed boskgebiet yn it west foarmet de ferbining fan it doarpsgebiet fan Damscheid mei de heechflakte fan 'e berchtme.

Lânskip by Damscheid.

De katolike Jehannes de Dopertsjerke fan it doarp hat in romaanske toer út 1150. De doopkapel by it koer is letgoatysk. De tsjerkeseal is barok en stamt út 1682.[2]

De lokaasje tusken de Ryndelling en de bosken fan 'e Hunsrück biede goede mooglikheden om lâns de greiden en troch de bosken fan it doarp te kuierjen. De paden binne goede bewizere.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: