Springe nei ynhâld

Dakruter

Ut Wikipedy

In dakruter of punttuorke is in spits of koepeltsje op de naald. De namme dakruter wurdt faak oan lytse fieringstuorren jûn.

In dakruter kin yn hout mar ek yn mitselwurk útfierd wêze. Soms blykte in dakruter te swier te wêzen (benammen as dy fan stien wie) en moast it bouwurkje wer weihelle wurde om it ûnderlizzende gedielte fan de tsjerke te behâlden.

De tsjerke fan Easterlittens hat in dakruter dêr't wierskynlik in angelusklokje yn hongen hat. De tsjerke fan Grou hat in koepeltsje op de skieding fan koar en skip.

De konvinsjonele Minderbruorren brûkten, lykas yn it Dútske Zwillbrock, ynstee fan in toer in dakruter op de tsjerke. Soks om de ienfâld te bewarjen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: