Daan Parmentier
Daan Parmentier (Oegstgeest, 1959) is in byldzjend keunstner en boukundige út Noardburgum. Hy folge de oplieding wei- en wetterbou en in oplieding boukundich tekener. Dochs koe er gjin foldwaning krije yn syn wurk. Hy kaam tafallich yn oanrekking mei de keunst en folge wurkshops yn pottebakken, lytografy en fotografy. Dêrby koe er syn kennis oer (natuer)stien, hout, beton en stiel tapasse yn syn keunstwurken. Faak past er yn syn wurk de goudene sneed ta. Dit is in skema mei ferhâldingen dy't yn de natoer in soad foar komme en faak by de arjitektuer brûkt wurdt.
Parmentier is in autodidaktysk keunstner mei in brede styl. Hy eksperimintearret ek in soad binnen stilen. Syn earste wurk wie realistysk mar waard stadichoan abstrakter. Nei it wurkjen yn it platte flak gie er wurkejn mei spekstien en natuerstien. Noch letter kaam der ek byldhouwen by en wurkjen mei roastfrij stiel. De foarmen besiket er lykwols rêstich en strak te hâlden. Hege easken stelt Parmentier ek oan materialen as ferve, linnen, mar ek stien en stiel.
Eksposysjes fan him wienen rûnom yn Fryslân te sjen, bygelyks by de Iepen Stâl, de keunstrûte Hurdegaryp en it Talma Hûs yn Feanwâlden.
-
Frou
-
sûnder titel
-
Ferhâldings
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |