Springe nei ynhâld

Daamslûs

Ut Wikipedy
Daamslûs
Slûswachtershûs

De Daamslûs is in slûs yn de Opsterlânske Kompanjonsfeart tusken Appelskea en Smilde.

De stienen slûs is fan 1894. It ferfal is 1,40 meter. De mei de hân betsjinne slûs hat in brêge, dy't ek mei de hân betsjinne wurdt. De slûs is de wetterskieding tusken de Fryske boezem en it Drintske wetter. By lege waterstannen yn de Opsterlânske Kompanjonsfeart lit de slûswachter fan de Daamslûs ekstra wetter yn om it wetter op peil te bringen. De slûs is neamd nei de daam, dy't eartiids de Drintske en fryske wetters skate. De slûs is ek de skieding tusken de Opsterlânske Kompanjonsfeart en de Wite Wyk. By lege wetterstannen yn de Opsterlânske Kompanjonsfeart lit de slûswachter fan Daamslûs ekstra wetter yn om it wetter op peil te bringen. By de slûs stiet in lattekast, dêr't de stokken yn opburgen wurde, dy't nedich binne om de sluis iepen te lûken en ticht te triuwen.

Njonken de slûs stiet in slûswachterswente. Foar de slûs oerstiet in nei de slûs neamde pleats út 1938.

Ta gelegenheid fan it 100-jierrich bestean fan de slûs yn 1994, is der in betinkingsmonumint delsetten, yn de foarm fan in swerfstien. Hjirop is in koperen plaat mei een gedicht setten:

De oudheid zocht in scheiding kracht
Deez' tijd eischt vrij verkeer
Dies werd de sluis tot stand gebracht
Die Friesland strekt tot eer
Waar eeuwen na de Drentsche scheid
En doorvaart werd gemist
Was Frieslands wil en haar beleid
Die 't lot des dams beslist
De Staat en Drenthe werkten mee
Door ruiming van den wijk
Zoo is de oude scheidingsree
Verdwenen uit het rijk