DOV

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Dooor Ontspanning Valide 667.jpg

DOV, (Door Ontspanning Valide), (Frysk: 'Troch Untspanning Falide' ) is in sportferiening yn Ljouwert foar minsken mei in fysike beheining.

De feriening waard yn 1958, op inisjatyf fan it Bûn foar Nederlânske Militêre oarlochsslachtoffers (B.N.M.O.), oprjochte. D.O.V. hat yn 2011 ± 300 leden. Der binne 12 sportôfdielings en in eigen clubhûs, mei in sportseal der tsjinoan boud. De akkommodaasje stiet oan it Kalverdijkje 77-b (efter it swimbad Kalverdijkje), yn Ljouwert. It clubblêd hjit "De Schakel" en ferkynt seis kear yn it jier.

Der wurde alle moannen bingo- en muzykjûnen fersoarge. Meidat de aktiviteiten in soad jild kostje binne der neist de ynkomsten fan aksjes en kontribúsje in soad donateurs. Oare ynkomsten komme middels it Nasjonaal Fûns Sport Handikapten. Dêr wurde sportmaterialen en oanpassings fan akkomodaasjes fan betelle.

Yn 1983 wûn DOV de Fryske Sportpriis.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: