Springe nei ynhâld

DJ Isis

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen



DJ Isis
artyst en/of kabaretier
Isis van der Wel
Isis van der Wel
persoanlike bysûnderheden
echte namme Isis van der Wel
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 29 april 1975
berteplak Amsterdam
wurkpaad
wurksum as Discjockey, produsint fan:
Dance
Tech House
House
Wrâldmuzyk
Techno
medium Platespiler
jierren aktyf 1987-no
offisjele webside
Offisjele webside - DJ Isis


Isis van der Wel (Amsterdam, 29 april 1975), mei de artystenamme DJ Isis (oant 2006 100% Isis), is in Nederlânske dj en muzykprodusint. Sy wurdt sjoen as ien fan de frouljus pioniers op it mêd fan elektroanyske dûnsmuzyk yn de wrâld en as ien fan de top tsien frouljus dj's yn de Tech House. Sy is de dochter fan de boargemaster fan Rijswijk Ineke van der Wel-Markerink.

Begjin fan har wurkpaad

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Isis groeide op yn Goor en Warmond. Doe't sy seis jier krige sy al muzyklessen en op har sânde bespile sy ferkate ynstruminten. Mei tolve jier (1987) kocht hja har earste houseplaat en krige sy niget oan dy muzykstyl. Sy makke it vwo yn Leien net ôf en waard foltiid deejay. Fan 1992 ôf draaide hja yn de meast ferneamde Nederlânske diskoteken, sa s de RoXY yn Amsterdam. Wilens draait DJ Isis oeral yn de wrâld yn de dance-scene, mei toernees yn Europa, Sintraal Amearika, de Feriene Steaten, Súd-Amearika, it Midden-Easten, Afrika en Aazje. Trije fan har mix-albums bedarren yn de nasjonale top 10. Yn 1995 stie sy oan de widze fan Chemistry yn Amsterdam, dêr't hja jierrenlang har eigen draaiplak hie en sa harres dien hat oan de populêrste priode fan dy club. Ein jierren ’90 organisearre Isis mei in tal kollega's eveneminten ûnder de namme State of Bliss. Op 29 april 2012, har 37e jierdei, hat Isis in grut feest jûn yn Paradiso yn Amsterdam, dat tagelyk foar har 20-jierrich jubileum as dj ornearre wie, mei in oersjoch fan de 20 jier yn muzyk.

Magma en All is One

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Isis van der Wel starte 2001 har eigen artystemanagement- en eveneminteproduksjeburo Magma. Fierders organisearret hja sûnt 2003 barrens ûnder de namme All is One, mei neist myzyk en in multidisiplinêre holistyske filosofy. All is One organisearret ûnder oaren in part fan dance-barren Mystery Land. Ald en nij fan 2008, 2009 en 2010 organisearre All is One it feest Amsterdams Glorie. Oktober 2005 rjochte sy it platelabel All Is One op, dat in brêge tusken techno, House, ambient en eksperimintele dance-muzyk wêze wol.

Nachtboargemaster fan Amsterdam

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 2010 oant 2012 wie Isis nachtboargemaster fan Amsterdam. Isis woe de úttocht fan keunstners út de haadstêd keare troch 'mear romte te skeppen foar spontaniteit en fleksibiliteit'. In oar spearpunt wie it oanstellen wollen fan in gemeenteamtner dy him fulltime dwaande hold mei de nacht.

DJ Mix cd's:

  • 100% isis (EMI/VIRGIN/ARIOLA/BMG)
  • 100% isis 2 (EMI/VIRGIN/ARIOLA/BMG)
  • Reformation (NEWS)
  • Pulse (yn 'e mande mei Oxfam Novib; de opbringst giet nei Girls Power Initiative, in projekt foar jonge froulju yn Nigeria.

Mei Piet Jan Blauw:

  • Eenhoorn (All is One Records, 2008)
  • Ibiza Luna (All is One Records, 2009)
  • Blandas (All is One Records, 2009)

Isis solo:

  • Liberté (All is One Records, 2009)
  • Liberté Remixes (All is One Records, 2009)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]