Springe nei ynhâld

Dûnsgroep Duende

Ut Wikipedy

Dûnsgroep Duende waard yn 1984 oprjochte troch Grietine Molenbuur mei it doel om dûnsfoarstellings te meitsjen mei amateurs om dêrmei moderne teaterdûns foar it fuotljocht te bringen by in breed publyk. It begryp Duende stiet foar passy, bravoer en elan. Yn rûm 20 jier waarden waarden de measte produksjes en koreografiën makke troch Grietine Molenbuur. Ut en troch waard der in gastkoreograaf útnûge. De dûnsgroep krige ynkomsten út optredens en projektsubsydzjes. Neist optredens yn Fryslân waard der rûnom yn it lân foarstellings jûn mei no en dan optredens yn it bûtenlân. Yn 1996 waard de Fryske Anjer útrikke oan Duende en har artistyk liedster Molenbuur "dy't al jierrenlang en fêsthâldend en faak mei beheinde middels ta in eigentiidske werjefte fan moderne dûns wit te kommen". Duende waard benammen ferneamd troch ferskate lokaasjeprojekten en dûns op lokaasje. Ein 2004 hold de Dûnsgroep op mei de foarstelling 'Omzien". De Jong Talintgroep fan Duende waard fuortset yn de Jeugd Dûnsoplieding Fryslân, de JDOF.

Lokaasjeprojekten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Friesland Vaart - grêften [Dokkum] (2002) en Ljouwert (2005).
  • Gebroken Wit y.g.m Thom Stuart - Wiuwens (2000);
  • Iepening en Ofslúting Simmer 2000 - Ljouwert (2000);
  • In Keatsdream - Wommels, 100 jier KNKB (1997);
  • Duende danst op water - Fryske marren en Iselmarstêden (1995);
  • Tussen blauw en grijs - Aegontún, Ljouwert (1994)
  • Bal na - Lucent Danstheater , De Haach(1991);
  • Kokobo Kokoto - rûnom yn Fryslân (1991);
  • Frieslands Boezem - Woudagemaal (1985) yn it ramt fan it Frysk Festival;

Party-service (1990), The Announcer (1991), n Moetje (1992), Tegendraads op 'e Slachtedyk (2000), Silhouet op 'e Slachte (2004).

Keppelings om Utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]